11-13 - By in steatsgreep yn Fenezuëla wurdt presidintHugo Chávez ôfset en finzen nommen. Foar him yn 't plak wurdt Pedro Carmona presidint. As de befolking fan 'e Fenezolaanske haadstêdCaracas tsjin it nije rezjym yn opstân komt en de plysje dy rebûlje om 'e nocht besiket te ûnderdrukken, wit de Presidinsjele Garde, dy't trou bleaun is oan Chávez, it Miraflorespaleis te weroverjen sûnder dat der in skot lost wurdt. It rezjym fan Carmona stoart dêrnei yn as in kaartehûs en Chávez wurdt wer presidint.
14 - De fêstlizzing fan it minsklikgenoom, yn it ramt fan it Human Genome Project, komt ree, wêrby't 99% fan it minsklik genoom mei in wissichheid fan 99,99% fêststeld wurdt.
5 - De SARS-pandemy, dy't op syn hichtepunt yn 37 lannen hearske, wurdt betwongen ferklearre troch de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO). Yn totaal binne der 8.273 minskensiik rekke, dy't dat yn 775 gefallen net oerlibbe hawwe.